Door deze website te gebruiken gaat u akkoord met het gebruik van cookies op de website.

Column april 2020

Column april 2020

Column april 2020

Column: fiif stoeptegels.

Corona soe eins in krektberne poppe wêze moatte fan goed 7 pûn mei bliere eagjes. Yn it kraambed op e búk fan har mem.
Of in famke fan in jier as tsien mei flechtsjes en rôze strikjes yn it hier. Op har fietske of skeelers, bútenboatsjend mei freondinnes.
It koe ek wol in prachtige jongfaam wêze fan ein tweintich mei Spaanse roots. Sensueel dûnsjend yn in kafeetsje op e gitaarmuzyk fan een grouwe man mei boarsthier, pareltsjeswit en in grutte swarte snor.
Corona is foar my persoanlik ek in mamma-appelsap-deuntsje fan “Ramona”, de hit fan The Blue Diamonds.
Da’s allegear wier en helder as kraanwetter, mar op dit stuit besjut Corona hiel wat oars.
Kleurleas, smaakleas, ûnsichtber. Foaral glûpperich, en foar guon sels fataal.
In virus dat harren as in “Trojan-Horse” in jo lichem wrot. Dwers troch de minselike virusscanner hinne, wylst de needsakelike update tsjin de hack noch net ûntwikkele is.
It COVID-19 virus bestiet net út neakende plaatsjes of fishingmails, mar skrept har op in oldschool wize troch kontakt nei binnen ta.
In krûpke, in skouderklopke, hannenskodzje, proeste. Sels in smûk tête-a-tête praatsje by de tafel.
Alle fysike kontakt en sels sawat-kontakten, kinne de springplanke wêze dy’t de slúpmoarderer Corona nedich hat om oer te springen fan de ien nei de oar
Dat is dreeg. Want wy minsken binne eins kuddebisten en wolle stommegraach ticht by mekoar wêze. En no plots kinne minselike kontakten, in krûpke of een hân, immen samar funest wêze.
Dus derom: hâld ôfstân
Oardel meter.
Dat binne fiif stoeptegels….
Dat is in earmtakke mei selfiestick….
Tink om josels, mar tink ek om en oan in oar.
En as jo gjin kreft helje kinne út it grutte Corona-liet fan al die BNers, dat “lied-waarvan-je-wist-dat-die-zou-komen”, sjong, neurie of raas dan de oanpaste tekst fan Ramses Shaffy:
Bel, app, skriuw, skype, help, hâld ôfstân en bewûnder
Doch dat.
Foar harren!
En bliuw foaral sûn.
Digitale krûp fan my.

PdGrf
peedegraaf@live.nl

Delen

voeg je eigen gadgets toe aan deze pagina!